Ynstellingsbeslút Konsultatyf Orgaan Frysk 2010

Huidige tekst

Artikel 2 Ynstellingsbeslút Konsultatyf Orgaan Frysk 2010

Geldt sinds 18 februari 2010

Kêst 2 1 It KO Frysk hat as taak om oan de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes te rapportearjen oer it ferlet en de winsken oangeande de Fryske taal en kultuer yn gearhing mei it Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden en mei it Ramtferdrach oangeande it beskermjen fan nasjonale minderheden. 2 It KO Frysk hat fierders as taak om oan de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes advys út te bringen oer de útfiering fan de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2001 en fan de útfieringskonvenanten; soks yn gearhing mei it Europeesk Hânfest en it Ramtferdrach dêr’t yn it earste lid op doeld wurdt.

Bron: wetten.overheid.nl

Jurisprudentie bij dit artikel

Er zijn nog geen uitspraken aan dit artikel gekoppeld.

Zoek op deze artikelverwijzing

Geldende tekst uit de Legal Momo-wettenbank, een kopie van het BWB-wettenregister. Raadpleeg wetten.overheid.nl voor de authentieke versie. Dit is geen juridisch advies.