Aanhef
Deputearre Steaten fan Fryslân,
mei it each op kêst 1.3, tredde lid, fan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022, en kêst 5 fan de fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal,
BESLUTE:
It Iepenstellingsbeslút Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2026 as folget fêst te stellen:
Kêst 1 Subsydzjeplafonds
a.It subsydzjeplafond foar de yn kêst 3, ûnderdiel a fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal neamde subsidiabele aktiviteiten bedraacht € 80.000,-.
b.De dielplafonds foar de yn kêst 3, ûnderdiel b fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal neamde subsidiabele aktiviteiten binne fêststeld op:
Gemeente
Dielplafonds
Achtkarspelen
€82.353,-
Dantumadiel
€76.053,-
Eaststellingwerf
€80.553,-
De Fryske Marren
€99.462,-
Harns
€73.803,-
Hearrenfean
€99.462,-
Ljouwert
€154.839,-
Noardeast-Fryslân
€94.959,-
Opsterlân
€83.706,-
Smellingerlân
€103.065,-
Súdwest-Fryslân
€127.377,-
Tytsjerksteradiel
€85.506,-
Waadhoeke
€95.862,-
Totaal
€1.257.000,-
c.It subsydzjeplafond foar de yn kêst 3, ûnderdiel c fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal neamde subsidiabele aktiviteiten bedraacht € 75.000,-.
Kêst 2 Aanvraagperiode en verdeelsystematiek Oanfraachperioade en ferdielsystematyk
a.De yn kêst 1 ûnderdiel a en ûnderdiel c neamde subsydzjeplafonds jilden foar oanfragen dy’t ûntfongen binne yn de iepenstellingsperioade fan 10 febrewaris 2026 oant en mei 10 desimber 2026.
b.It yn kêst 1 ûnderdiel b neamde subsydzjeplafond jild foar oanfragen dy’t ûntfongen binne yn de iepenstellingsperioade fan 10 febrewaris 2026 oant en mei 31 desimber 2027.
c.De ferdieling fan de middels bart neffens kêst 7 fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal.
d.Deputearre Steaten meie, nei it sluten fan de iepenstellingsperioade, de dielplafonds feroarje.
Kêst 3 Yngean
Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is.
Kêst 4 Wurkingsdoer en oergongsrjocht
a.Dit beslút ta iepenstelling ferfalt op 31 desimber 2029.
b.Dit beslút ta iepenstelling bliuwt, fan de yn it earste lid neamde ferfaldatum ôf, fan krêft oangeande subsydzje-oanfragen dy’t ûntfongen binne yn de iepenstellingsperioade lykas neamd yn kêst 2 fan dizze regeling.
Kêst 5 Siteartitel
Dizze regeling wurdt oanhelle as Iepenstellingsbeslút Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2026.