Aanhef
Feroardering fan 17 desimber 2014 fan Provinsjale Steaten fan Fryslân, hâldende regels oangeande it gebrûk fan de Fryske en de Nederlânske taal yn it bestjoerlike ferkear mei en troch bestjoersorganen fan de provinsje Fryslân
PROVINSJALE STEATEN FAN FRYSLAN Sjoen hawwend it útstel fan Deputearre Steaten d.d. 23 septimber 2014
Mei it each op kêst 145 fan de Provinsjewet en kêst 5 fan de Wet gebrûk Fryske taal;
yn acht nommen hawwend dat de offisjele talen yn de provinsje Fryslân it Frysk en it Nederlânsk binne en it winsklik is om de posysje fan de Fryske taal yn it ferkear mei bestjoersorganen fan de provinsje Fryslân te boargjen;
beslute
fêst te stellen de Feroardering oangeande it brûken fan de Fryske en de Nederlânske taal mei en troch de bestjoersorganen fan de provinsje Fryslân.
Kêst 1 – Begripsbepalings
Yn dizze feroardering wurdt ferstien ûnder:
a.Bestjoersorganen: Provinsjale Steaten, Deputearre Steaten en de Kommissaris fan de Kening fan de provinsje Fryslân, en ek de ûnder harren ferantwurdlikens wurksume persoanen.
b.Wet: de Wet gebrûk Fryske taal.
Kêst 2 – Taalkar
1Elkenien kin de Fryske of de Nederlânske taal brûke yn it mûnlinge en skriftlike ferkear mei bestjoersorganen.
2De taalkar yn in troch bestjoersorganen ûntfongen stik is bepalend foar de taalkar fan, troch of út namme fan harren op te stellen korrespondinsje;
3Oars as lid twa brûke bestjoersorganen de Fryske taal by it opstellen fan korrespondinsje mei gemeenten, dêr’t de provinsje Fryslân in yntinsjeferklearring oangeande it gebrûk fan it Frysk yn it skriftlik ferkear mei sletten hat.
4Wat dy gemeenten oanbelanget dy’t net ûnder lid trije falle, stribje bestjoersorganen dernei om teminsten 25% fan de troch, of út namme fan harren op te stellen korrespondinsje yn de Fryske taal te stellen.
5It foargeande lid is net fan tapassing as it de bestjoersorganen fan de gemeenten it Amelân, Skiermûntseach, Skylge, Flylân en Weststellingwerf oanbelanget.
Kêst 3 – Gebrûk fan de Fryske taal yn it skriftlik ferkear mei Provinsjale Steaten
1Deputearre Steaten soargje derfoar dat teminsten 25% fan de troch har of ûnder har ferantwurdlikens opstelde stikken en stikken rjochte oan Provinsjale Steaten yn de Fryske taal steld is.
2Alle jierren rapportearje Deputearre Steaten oan Provinsjale Steaten oer it resultaat fan de yn it earste lid neamde ferplichting.
Kêst 4 – Taalkar yn skriftlike stikken
1Of it moat wêze dat it gebrûk fan de Nederlânske of Fryske taal foarskreaun is, oars binne bestjoersorganen frij yn de kar oft hja in skriftlik stik opstelle yn de Fryske taal, de Nederlânske taal of yn beide talen.
2Deputearre Steaten soargje derfoar dat yn alle gefallen de neifolgjende stikken yn de Fryske taal opsteld wurde:
a.De provinsjale begrutting;
b.De provinsjale jierstikken, en
c.Beliedsnota’s.
3In stik yn de Fryske taal wurdt tagelyk yn de Nederlânske taal opsteld as it:
a.Ornearre of mei ornearre is foar bûten de provinsje Fryslân fêstige bestjoersorganen of bestjoersorganen fan de sintrale oerheid; of
b.Algemien ferbinende foarskriften of beliedsregels ynhâldt.
4It bekendmeitsjen, meidielen of op ynsjen lizzen fan in stik lykas bedoeld yn it tredde lid bart yn alle gefallen ek yn de Nederlânske taal, of it moat wêze dat ridlikerwize oannommen wurde kin dat dêr gjin ferlet fan is.
Kêst 5 – Oersettings nei it Nederlânsk en it Frysk
1Mei behâld fan iennich wetlik foarskrift dat dêr in beheining oan jout, jouwe bestjoersorganen op fersyk in oersetting yn de Nederlânske of Fryske taal.
2De bestjoersorganen kinne foar it oersetten in fergoeding fan op syn meast de kosten freegje.
3Foar it oersetten nei it Nederlânsk kin gjin fergoeding frege wurde, as it skriftlik stik:
a.De notulen fan de gearkomste fan in fertsjintwurdigjend orgaan is en:
1°it belang fan de fersiker streekrjocht by it notulearre belutsen is, of
2°de fêststelling fan algemien ferbinende foarskriften of beliedsregels oanbelanget; of
b.Giet oer in beslút of oare hanneling wêrby’t de fersiker belanghawwende is;
c.In stik lykas neamd yn kêst 4, twadde lid, oanbelanget.
4Yn it gefal fan ynterpretaasjeferskillen is de tekst yn it oarspronklike stik beskiedend.
Kêst 6 – Beliedsplan
Provinsjale Steaten stelle op foardracht fan Deputearre Steaten en yn oanfolling op it bepaalde yn dizze feroardering in beliedsplan fêst oangeande it gebrûk fan de Fryske en de Nederlânske taal, lykas bedoeld yn de Wet.
Kêst 7 – Ynlûken feroardering
De Oardering oangeande it skriftlik brûken fan de Fryske en de Nederlânske taal (Provinciaal Blad 2000, no. 75) wurdt ynlutsen.
Kêst 8 – Siteartitel
Dizze feroardering wurdt oanhelle as ‘Feroardering oangeande it brûken fan de Fryske en de Nederlânske taal mei en troch de bestjoersorganen fan de provinsje Fryslân’.
Kêst 9 – It yngean
Dizze feroardering giet yn op de tredde dei nei publikaasje yn it Provinsjaal Blêd.