Gemeentelijke regelgeving

Feroardering gebrûk Fryske taal gemeente Súdwest-Fryslân

Gemeente Súdwest-Fryslân · geldt sinds 4 december 2017

Aanhef

De rie fan de gemeente Súdwest-Fryslân;

lêzen it foarstel fan boargemaster en wethâlders d.d. 10-10-2017;

sjoen it feit dat it Frysk en it Nederlânsk de twa offisjele talen yn de provinsje Fryslân binne en it winsklik is om it brûken fan it Frysk yn it mûnlinge en skriftlike ferkear mei en troch de bestjoersorganen fan de gemeente Súdwest-Fryslân te boargjen;

omtinken jaande oan kêst 5, lid 1 fan de Wet gebruik Friese taal;

b e s l ú t:

fêst te stellen de

Feroardering gebrûk Fryske taal gemeente Súdwest-Fryslân

Kêst 1 Begrypsbepalingen

Yn dizze feroardering fersteane wy ûnder:

1twataligens: de kar foar de Nederlânske óf de Fryske taal.

2bestjoersorganen: de gemeenteried, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, de boargemaster, de heffingsamtner, de ynfoarderingsamtner en de learplichtamtner fan de gemeente Súdwest-Fryslân en ek de persoanen dy’t wurkje ûnder harren ferantwurdlikheid.

3Wet: de Wet gebruik Friese taal.

Kêst 2 Taalkar

1Elkenien kin de Fryske of de Nederlânske taal brûke yn it mûnlinge en skriftlike ferkear mei de bestjoersorganen.

2De bestjoersorganen kieze – útsein de gefallen dêr’t it brûken fan de Fryske of Nederlânske taal yn foarskreaun is – yn begjinsel foar twataligens.

3Oars as yn it twadde lid brûke de bestjoersorganen yn it skriftlike ferkear deselde taal as dêr’t sy yn oanskreaun binne.

4Oars as yn it twadde lid brûke de bestjoersorganen by foarkar de Fryske taal yn it skriftlik ferkear mei oerheden dêr’t de gemeente Súdwest-Fryslân in yntinsjeferklearring mei tekene hat oangeande it brûken fan it Frysk yn it skriftlike ferkear.

5Yn spesifike gefallen hâlde de bestjoersorganen by de taalkar rekken mei it stribjen om de posysje fan de Fryske taal yn harren wurkgebiet te fersterkjen.

Kêst 3 Oersetregeling

1De bestjoersorganen jouwe, mei behâld fan iennich wetlik foarskrift dat dêr in beheining oan jout, op fersyk in oersetting yn de Nederlânske taal.

2Yn gefal fan ynterpretaasjeferskillen jout de oarspronklike tekst de trochslach.

Kêst 4 Slotbepalingen

1Dizze feroardering giet yn op de dei nei't er bekend makke is.

2De Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Súdwest-Fryslân wurdt ynlutsen.

3Dizze feroardering kin oanhelle wurde as ‘Feroardering gebrûk Fryske taal gemeente Súdwest-Fryslân’.

Taljochting

Yn de Wet wurde it Frysk en it Nederlânsk oanmerke as de twa offisjele talen fan de provinsje Fryslân. De Wet seit dat de yn de provinsje Fryslân fêstige bestjoersorganen dy’t net ta de sintrale oerheid hearre regels opstelle moatte oer it brûken fan it Frysk yn it mûnlinge en skriftlike ferkear (kêst 5 fan de Wet).

Op grûn fan kêst 5 fan de Wet:

a.hat elkenien it rjocht om de Fryske taal te brûken yn it mûnlinge en skriftlike ferkear mei de gemeente.

b.moat de gemeente yn de regels omskriuwe hoe’t sy de Fryske taal en kultuer befoarderje, fersterkje en boargje sil.

Yn dizze feroardering wurdt yn grutte linen dúdlik hoe’t de gemeente Súdwest-Fryslân mei de Fryske taal omgean wol. De feroardering jildt foar it wurkgebiet fan de bestjoersorganen fan de gemeente.

Kêst 2 Taalkar

De Wet jout romte foar twataligens. Twataligens docht rjocht oan it begjinsel fan lykweardigens. It freget om in bewuste taalkar dy’t oanslút by de doelgroep.

Kêst 3 Oersetregeling

De oersetregeling is wichtich foar de rjochtsbeskerming fan minsken dy’t de Fryske taal net begripe.

Geldende tekst uit de Centrale Voorziening Decentrale Regelgeving (CVDR, open data van de overheid). Raadpleeg lokaleregelgeving.overheid.nl voor de officiële versie. Dit is geen juridisch advies.