Aanhef
De ried fan de gemeente De Fryske Marren
lêzende it útstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan dd.25 oktober 2016,nûmer 2016/083
mei it each op artikel 5, earste lid, fan de Wet gebrûk Fryske taal;
beslút om fêst te stellen de Taalferoardering Frysk De Fryske Marren
Artikel 1: Begrypsbepalingen
1Yn dizze feroardering wurdt ferstien ûnder meartaligens: kar foar de iene of de oare taal; de Nederlânske óf de Fryske taal;
2Yn dizze feroardering wurdt ûnder gemeenteorganen ferstien: de ried, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, de boargemaster, de heffingsambtner en de ynfoarderingsambtner en ek de persoanen dy't ûnder harren ferantwurdlikheid wurkje.
Artikel 2: Taalkar
1Elkenien kin de Fryske of de Nederlânske taal brûke yn it mûnlinge en skriftlike ferkear mei bestjoersorganen.
2De bestjoersorganen kieze yn begjinsel foar meartaligens. Fan dat útgongspunt wurdt ôfwykt as:
a.it bestjoersorgaan dêr yn in konkreet gefal foar kiest;
b.by skriftlike kommunikaasje mei nije ynwenners (yn it Nederlânsk);
c.by publikaasje fan parseberjochten (yn it Nederlânsk);
3By de taalkar yn in spesifike sitewaasje hâlde de bestjoersorganen rekken mei it stribjen om de posysje fan de Fryske taal yn harren wurkgebiet te fersterkjen.
Artikel 3: Skriftlik ferkear
1Of it moat wêze dat it gebrûk fan de Nederlânske of Fryske taal foarskreaun is, oars binne bestjoersorganen frij yn de kar oft hja in skriftlik stik opstelle yn de Fryske taal, de Nederlânske taal, of yn beide talen.
2De taalkar yn in troch bestjoersorganen ûntfongen stik is bepalend foar de taalkar fan, troch of út namme fan harren op te stellen korrespondinsje.
3It kolleezje fan boargemaster en wethâlders stimulearret dat de troch har of ûnder har ferantwurdlikens opstelde stikken en stikken rjochte oan de gemeenteried yn de Fryske taal steld wurde.
4Oars as yn artikel 3, lid 1 brûke bestjoersorganen de Fryske taal by it opstellen fan korrespondinsje mei oerheden dêr't de gemeente in yntinsjeferklearring oangeande it gebrûk fan it Frysk yn it skriftlike ferkear mei sletten hat.
Artikel 4: Oersetregeling
1Yn it gefal in skriftlik stik yn de Fryske taal opsteld is, stelt it bestjoersorgaan tagelyk in oersetting yn de Nederlânske taal beskikber .
2De oersettingen wurde op fersyk fergees levere.
3Yn it gefal fan ynterpretaasjeferskillen is de tekst yn it oarspronklike stik beskiedend.
Artikel 5: Mûnling ferkear
1By klantkontakten is de taalkar fan de klant liedend. Dit jildt yn it bysûnder foar klantkontakten yn de earste line.
Artikel 6: Beleidsplan
1De gemeente De Fryske Marren hat in beleidsplan oangeande de Fryske taal en Kultuur. Hjiryn binne de kaders fan it belied fêstlein.
Artikel 7: Slotbepalingen
1Dizze feroardering giet yn op de dei nei't er bekend makke is.
2Dizze feroardering kin oanhelle wurde as 'Taalferoardering Frysk De Fryske Marren'.
Taljochting
Algemiene taljochting
Mei de ynfiering fan de Wet gebrûk Fryske taal binne de mooglikheden foar it brûken fan it Frysk yn it (formele) rjochtsferkear en it (formele) bestjoerlike ferkear fersterke. De wet seit yn artikel 2 dat it Frysk en it Nederlânsk oanmurken wurde as twa offisjele talen yn de provinsje Fryslân.
Frysk as minderheidstaal yn Europeesk perspektyf
Yn ferskate ynternasjonale ferdragen is de posysje fan de Friezen en it Frysk as offisjele taal erkend. Nederlân hat yn it earste plak it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden (Trb. 1993, 1 en 199; 1998, 20) oanfurdige. Mei dit Hânfêst hat it Nederlânske regear himsels ferplichte it Frysk as twadde offisjele taal yn de provinsje Fryslân te befoarderjen en yn stân te hâlden. It Hânfêst is foar Nederlân op 1 maart 1998 yn wurking treden. Boppedat hat Nederlân op 16 febrewaris 2005 it Kaderferdrach ynsake de beskerming fan nasjonale minderheden (Trb. 1995, 73 en 197) ratifisearre, wernei’t it op 1 juny foar ús lân yn wurking treden is. By goedkar fan it wetsfoarstel ta ratifikaasje fan it ferdrach hawwe regear en parlemint oerienstimming berikt dat it Ramtferdrach allinnich fan tapassing wêze sil op de Friezen yn Nederlân. De Wet gebrûk Fryske taal beheint him (derom) ta it Frysk en it Nederlânsk. Ek de feroardering beheint har ta dizze twa offisjele talen.
Feroardering en beleidsplan.
De Wet gebrûk Fryske taal skriuwt foar dat de yn de provinsje Fryslân festige bestjoersorganen dy’t net ta de sintrale oerheid hearre[1], regels opstelle foar it gebrûk fan de Fryske taal yn skriftlike stikken en yn it mûnlinge ferkear (tegearre: it bestjoerlik ferkear). De regels moatte yn elts gefal in omskriuwing befetsje rjochte op it fersterkjen fan de posysje fan de Fryske taal yn it wurkgebiet fan it bestjoersorgaan dat it oangiet (artikel 5, lid 2 fan de wet). Foar de bestjoersorganen fan gemeenten wurde dizze regels by feroardering fêststeld. Derneist moatte de bestjoersorganen in beleidsplan oer it gebrûk fan de Fryske taal opstelle (artikel 5, lid 2 fan de wet).
[1] Utsein de gemeenten Flylân, it Amelân, Skylge, Skiermûntseach en Weststellingwerf (artikel 5, lid 3 fan de wet)