Aanhef
Taalbeleid yn De Fryske Marren 2016
5. Frysk yn de gemeentlike organisaasje, gemeentlike foarsjennings en de iepenbiere romte
5.2 Sichtber meitsje
Plaknammebuorden
De Fryske gemeentenamme komt op de plaknammebuorden. Tagelyk sil dan ek in kar makke wurde moatte oer hoe ’t de plaknammebuorden ynrjochte wurde. Dêrby binne der 6 mooglikheden:
1allinnich Fryske plaknammen (lykas Boarnsterhim; Terherne)
2de Fryske namme boppe en de Nederlânske namme ûnder (lykas Gaasterlân-Sleat)
3de Nederlânske namme boppe en de Fryske ûnder (lykas Skarsterlân)
4allinnich de Nederlânske namme (lykas Lemsterlân).
5Trochgean lykas it no is, mei allinnich de nije namme fan de gemeente ûnder de plaknamme.
6Doarpen sels ien kear de kar jaan oan te jaan hoe’t se it ha wolle.
Soenen wy rjocht dwaan oan it útgongspunt dat by in gemeentlike fúzje de posysje fan it Frysk der net op efterút gean mei, dan soe dat betsjutte kinne dat we kieze foar it model Boarnsterhim. Dat sil ynhâlde dat er dan ek in offisjele plaknammewiziging foar alle wenplakken oanfrege wurde moat. Soks hat hiel wat fuotten yn de ierde. Boppedat sil dat droegen wurde moatte troch ús ynwenners.
Mear rjocht oan de taalsituaasje yn ús gemeente dogge fariant 2 of 3, wêrby fariant 2 mear past by de Fryske namme fan ús gemeente. Fariant 3 past mear by it feit dat de plaknammen offisjeel Nederlânsk binne. Terherne hat in offisjele Fryske namme en dat bliuwt sa. Der komt dan ek gjin Nederlânske oersetting fan.
Foar fariant 5 kieze betsjut dat we kieze foar hanthavenjen fan it besteande: inkeld de namme fan de gemeente feroaret, de plaknamme bliuwt sa ‘t is. Dit jout nei alle gedachten de minste opskuor by de ynwenners en hat as foardiel dat it Frysk (en ús ynwenners) der net op efterút giet. Hjir is dan fan de fanút effisjinsje nei te stribjen gelikensens gjin sprake. By fariant 6 jouwe wy romte oan ús ynwenners om sels foar iens en altyd oan te jaan hoe’t se it ha wolle. Dizze fariant kostet in protte, om’t er yn alle doarpen offisjeel rieplachte wurde moat, mei in mooglike offisjele plaknammewiziging fan gefolgen. It yn ien kear ferfangen fan alle kombuorden kostet rûchwei € 60.000,-
Oar gebrûk fan it Frysk
Yn útwreidingsplannen fan ús doarpen wurde foar nije strjitten Frysktalige nammen keazen, útsein wêr’t it op histoaryske grûnen net past. Is der yn it ferline yn in útbreidingsplan al keazen foar Nederlânsktalige strjitnammen, dan wurdt dat sa trochsetten. Provinsjale Steaten hawwe yn 2006 Frysktalige nammen fêststeld foar de marren, fearten en oare wetters yn Fryslân.
Moai foarbyld fan Frysk yn ús gebouwen, is de oanklaaiïng fan Woudstate , mei de tafels (Fryske Marren), de teksten op de muorren, de nammenjouwing fan de sprekkeamers. Dy ynstek is ek op Herema State ynset, mei de nammejouwing fan de gearkomsteromten.
Bestjoerders en meiwurkers dy ‘t de gemeente fertsjintwurdigje en de gemeente foar it fuotljocht bringe jouwe in Frysk tintsje oan it aardichheidsje dat fuortjûn wurdt.
Oanbefellings 5.1: Organisaasje
Basis:
1Fan al ús (fêste) meiwurkers mei ferwachte wurde dat sy it Frysk ferstean. By fakatueres wurdt dêrom by de “werving en seleksje” oanjûn, dat it ferstean fan it Frysk needsaaklik is. Wa’t dat net kin moat ree wêze dat sa gau as mooglik te learen.
2De staveringshifker wurdt beskikber steld op alle wurkplakken.
3Om it brûken fan it Frysk yn de organisaasje te befoarderjen kinne meiwurkers yn wurktiid en op kosten fan de wurkjouwer op basis fan frijwilligens kursussen folgje om (better) Frysk prate, lêze en skriuwe te kinnen. De kosten wurde betelle út reguliere opliedingsbudzjetten.
4It buordsje “Praat mar Frysk” krijt by de Resepsje in opfallend plak, sadat it foar besikers dúdlik is dat sy Frysk prate kinne. Dit jildt ek foar de servicepunten op De Lemmer en yn Balk.
5Houliken kinne sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk sletten wurde. De Bysûndere Amtners fan de Boargerlike Stân binne dêr op tarêd, de akten kinne yn beide talen beskikber steld wurde.
Plus:
6Wy fiere folgjend taalbelied. Om brieven en e-mails dy’t yn it Frysk steld binne, beäntwurdzje te kinnen, wurde op de ôfdielings de meiwurkers dy’t it Frysk goed behearskje, yn kaart brocht. As hja dat wolle, kinne se “ambassadeur” foar it Frysk wurde en de kollega’s behelpsum wêze by it skriuwen fan in Frysktalige brief, wêr’t dat frege wurdt. Se krije der fasiliteiten foar.
7Beliedsnota’s en kolleezje-advizen kinne yn it Frysk opsteld wurde.
8Op ús webside komt ûnder de knop bestjoer en organisaasje in haadstik oer it brûken fan it Frysk.De gemeentlike organisaasje draacht soarch dat hja by sosjale media it Frysk brûke wêr it kin.
9De ynstruksje oan de KCC- meiwurkers wurdt sadanich ferromme, dat de meiwurkers ek yn it Frysk de telefoan opnimme kinne. Dêrnei is, binnen de mooglikheden fan de KCC-meiwurker, de taal fan de klant liedend.
10Yn parsekontakten wurdt, as it heal kin, it Frysk brûkt.
Plus/Plus
11Wurdt op ynspraakjûnen of oare publyksbyienkomsten Frysk praat, dan wurdt dat ek yn it Frysk fêstlein.
12Ús webside kriget in folslein twatalich karakter, lykas Littenseradiel. Kosten struktureel rûchwei € 15.000,- ekskl. BTW
13Parseberjochten wurde twatalich nei bûten brocht.
Wy kieze foar de plusfariant, dus ynklusyf de basisfariant, omdat dizze realisearber binne yn ús organisaasje. De plus/plus fariant giet ús, mei om de kostenaspekten, te fier.
Oanbefellings 5.2 Sichtber meitsje
Basis
1Kieze foar plaknammebuorden wêr’t allinnich de gemeentenamme feroare wurdt.
Plus
2Wy kieze foar twatalige plaknamme buorden, wêrby de Fryske namme boppe de Nederlânske namme stiet. De beide nammen binne gelikens fan grutte.Terherne bliuwt Terherne.Dit wurdt útfierd as de buorden ferfongen wurde moatte.
3Nije strjitten, oare geografyske úteringen en gemeentelike gebouwen krije in Fryske namme, útsein dêr’t it op grûn fan in beslút út it ferline net past. Is ien kear de kar makke yn in útwreidingsgebiet of in bedriuwsterrein, dan wurdt dy kar oanhâlden.
4Represintaasje krijt in Frysk tintsje.
5Yn de gemeente wurde 100% fan alle reklame/boubuorden (yn eigendom fan de gemeente)yn it Frysk skreun, mei yn acht nimmen fan de feiligens.
6Yn de gemeente wurde alle Ynformaasjebuorden (yn eigendom fan de gemeente) dûbbeldtallich. Dit giet mei yn de reguliere ferfangingssyklus.
Plus/plus
7Besteande Nederlânsktalige geografyske uteringen fan gemeentlik eigendom krije in Fryske namme.
Wy kieze foar de plusfariant. In keuze foar de plus/plusfariant docht gjin rjocht oan de plurifoarme gearstalling fan ús befolking.
6 Frysk yn de mienskip
6.1 Meartaligens yn it ûnderwiis, it pjutteboartersplak en de berne-opfang
a. Pjutte-opfang en Frysk
Yn de pjutteboartersplakken en de berne-opfang yn ús gemeente, wurdt it Frysk op ferskate wizen brûkt. By de Stichting Peuterspeelzalen Gaasterlân-Sleat wurdt taalbelied fierd. Mei de pjutten wurdt troch de fêste lieding Frysk of Nederlânsk praat. De juf dy’t steefêst Frysk praat, lêst in Frysk ferhaaltsje foar, de bern leare Fryske sankjes, troch in feste metoade. De Nederlânske juf docht dat yn it Nederlânsk. Bern leare sa yn twa talen. De 7 pjutteboartersplakken fan de Stichting binne sertifisearre. Yn it eardere Lemsterland wurdt op in inkel pjutteboartersplak Frysk praat tsjin bern dy’t Frysk prate. Der wurdt net sasear wurke mei fêste metoaden. Doomijn, de nije útfierder fan it pjuttewurk yn fh. Lemsterland, is wol ree om yn gearwurking mei it SFBO mear omtinken oan it Frysk yn de pjutteboartersplakken te jaan.
Yn fh. Skarsterlân wurdt op de pjutte- en berne-opfang fan SKIK al in protte omtinken oan it Frysk jûn. Dizze organisaasje fiert bewust meartaligens yn en wurdt derby stipe troch SFBO. Op 7 fan de 9 lokaasjes hat it sertifisearjen al west. Ek yn har personielsbelied hâldt SKIK rekken mei twataligens.
Gearwurkje mei de bibleteek jout de pjutte-opfang mooglikheden om op ’e hichte te bliuwen fan Frysktalige boekjes, dy’t brûkt wurde kinne om foar te lêzen.
b. Underwiis
No’t de measte bern yn de pjutte-opfang it Frysk oanrikt krije, is it goed dat dit op de basisskoalle in ferfolch krijt. Benammen om’t meartaligens goed foar de taalûntwikkeling fan it bern is. Oer it generaal kin men sizze dat de skoalbestjoeren oan de (minimum) wetlike easken oangeande it Frysk foldogge. Útsein de trije skoallen der’t in hiel bewuste kar makke is foar meartaligens, is der in grut ferskaat oan hoe’t skoallen omgeane mei it Frysk. Gemeenten hawwe yn it ferline jild beskikber steld foar de ynfiering fan “Studio F” as taalmetoade Frysk yn it basisûnderwiis. De skoallen binne mei Studio F bekend.
De skoallen fan CBO Meilân hawwe taalbelied, en wurkje mei de Fryske Taalrotonde as lesmetoade. Alle skoallen jouwe minimaal 1 oere Frysk yn ’e wike oan alle groepen. Der is in netwurk fan taalkoördinatoren. By de skoallen fan Nije Gaast wurdt faaks ‘folgjend’ it Frysk brûkt: praat in bern fan hûs út Frysk, dan praat de juf fan groep ien en twa Frysk mei it bern. Yn de hegere groepen wurdt it Nederlânsk de standert taal. Yn elke groep wurdt Frysk jûn.
By de “Gearhing” skoallen wurdt oeral al Frysk jûn, it tal minuten yn ’e wike ferskilt per groep en net altyd wurdt dêrfoar in fêste metoade sa as ‘Studio F’ brûkt.
By Primus wurdt op alle skoallen oandacht oan it Frysk jûn. Faaks brûkt men der ‘Studio F” as metoade.
De 3 katolike skoallen fan de Bisschop Möllerstichting brûke foar it Frysk meastentiids ‘Studio F’ en oar Afûk-materiaal. Alle groepen krije Frysk. ’t Klimmerblêd hat foar de beukergroepen in Fryske middei.
Meartalige skoallen
De Lytse Mienskip (Haskerhoarne), De Stobbestjelp (Vegelinsoard), de Tarissing (Aldehaske) en It Twaspan (Terkaple) binne trijetalige skoallen. Foar trijetaligens is troch skoalle en âlders keazen, net allinnich om’t de measte bern Frysk prate, mar ek om’t út ûndersyk bliken dien hat, dat it goed is foar de resultaten fan it Nederlânsk en fan it Frysk. Ek it Ingelsk hat foardiel fan dy oanpak (Fryske Akademy 2006). It kolleezje wol om dy reden meartalighied yn it ûnderwiis stimuleare.
Nije lesmetoade
Studio F hat koartlyn it opfolger krigen: Spoar 8. Foar iut fuortset ûnderwiis is der de lessesearje Searje 36. Beide metoades slute oan by de digitalisearing fan it ûnderwiis.
Gearwurking en stipe
Gearwurking mei de bibleteek is foar de skoallen wichtich. Fia de skoalmediateken is in oantreklik oanbod fan foarlês, lês- en printeboeken beskikber.
Sûnt 1 augustus 2014 hat de Provinsje it foech de kearndoelen foar it Frysk yn it ûnderwiis fêst te stellen en skoallen parsjeel ûntheffing te jaan. Dit belied is noch yn ûntwikkeling. De ynspeksje hâldt it tafersjoch. De Provinsje is ek drok mei it stâl jaan fan de trochgeande “Learline Meartaligens”. De provinsje wol der oer ek graach mei (it ûnderwiis yn) “De Fryske Marren” yn petear.
Basisskoallen dyt ferlet ha fan stipe oangeande it Frysk, kinne terjochte by it SFBO (groep 1 en 2) en it Taalsintrum Frysk fan Cedin.
Fuortset ûnderwiis
Yn it fuortset ûnderwiis kinne learlingen kieze foar it Frysk as foarkarfak. Op de CSG Gaasterland wurdt der aktyf mei omgien:
Ut de skoallegids fan it CSG:
Frysk
“Csg Gaasterland is in twatalige skoalle midden yn de Súdwesthoeke. De learlingen meie wat de taal oanbelanget harsels wêze en him of har yn de eigen taal úterje. Dit kin bûten de lessen as ek, dêr’t it kin, yn de lessen. It Frysk is fiertaal, de ynstruksjetaal sil yn de measte gefallen it Nederlânsk wêze. It fak Fryske taal en kultuer wurdt yn alle learjierren oanbean. Yn de earste klasse fan de ûnderbou is it in ferplicht fak, yn de twadde klasse fan de ûnderbou kin it as karfak folge wurde, faaks is dat in groep fan 10 oant 15 learlingen. Dêrnei kin it fak yn de T-stream, fan klasse 3 ôf, as eksamenfak keazen wurde. In lyts groepke docht eksamen. Fan de earste klasse oant en mei de eksamenklassen wurdt der mei de metoade ‘Freemwurk’ in trochgeande learline ta stân brocht.”
Op it Bornego Joure krije de earsteklassers in heal jier ien oere yn ’e wike Frysk. Fierder is der oandacht foar Fryske taal en kultuer yn de projektwike mei aktiviteiten lykas Fryske sporten en in besite oan it Museum Joure. De oare skoallen foar it fuortset ûnderwiis (OSG Sevenwolden, Zuyderzee College) fiere gjin taalbelied, de animo foar it Frysk is der (te) leech.
Yn 2014 wienen der yn Nederlân 83 learlingen dy’t eksamen Frysk dien hawwe, yn 2015 wiene dat 85.
Projekt Yntegraal gemeentelik ûnderwiisbelied
Yn it ramt fan it bestjoersakkoart mei de Provinsje hawwe de Afûk en Partoer de gemeente it oanbod dien om yn oparbeidzjen mei it fjild te ûndersykjen wer’t kânsen en knipepunten lizze by meartaligens yn it ûnderwiis. De útkomsten fan it projekt kinne as foarbyld tsjinje foar oare gemeenten.
Paragraaf 6.2 (Nije) ynwenners en folwoeksenenûnderwiis
6.2 (Nije) ynwenners en folwoeksenenûnderwiis
Frys skriuwe
Sa as út it ûndersyk foar de Taalatlas blykt, is it persintaazje fan de Fryske befolking dat Frysk skriuwe kin beheind. Dat jildt ek foar De Fryske Marren. De Afûk biedt kursussen oan dat te learen. Ôfrûne jier ha 2 groepen frijwilligers dy ‘t û.o. foar doarpskrantsjes skriuwe, yn kursus ‘Skriuw mar Frysk’ oanbean krigen.
6.3 De Biblioteek
Jeugd
In protte bern hâlde fan lêzen. Meastal sille dat Nederlânsktalige boeken wêze, om’t dy op skoalle en thús mear foar it gripen lizze. Om bern mear Frysk lêze te litten is it nedich it oanbod oan Fryske berneboeken yn de biblioteek en yn de skoalmediateken goed tagonklik te hâlden en oantreklik te presintearren.
De biblioteek set har yn gearwurking mei oare partijen yn om it Frysk by de bern te stimulearje. Sa is der in pjuttemoanne (jannewaris) wêr’t Fryske printeboeken foar it fuortljocht brocht wurde, der wurdt in Frysk Fertel- en Foarlêsfestival hâlden yn juny, en troch it jier hinne wurdt oanheakke by it Tomke-projekt. Mei de Ferteljas komme meiwurkers fan de biblioteek op de pjutteboartersplakken om foar te lêzen.
De jongerein fanôf 12 jier hat mear mei digitale media as mei boeken. Troch e-boeken beskikber te meitsjen en oare media yn it Frysk oan te bieden en maklik tagonklik te meitsjen, kin ek dizze doelgroep mei it Frysk berikt wurde.
Folwoeksenen
Benammen de âldere ynwenners komme graach yn de biblioteek om in Frysk boek te lienen. De biblioteek is ek in plak dêr’t men elkoar treffe kin foar in boek, in praatsje en in bakje kofje. Lyksa komt dizze groep ôf op de kulturele festiviteiten, sa as de Fryske literêre jûnen, dy’t de bibleteek organisearret. Foar minsken mei in fisuele beheining binne der sprutsen boeken en dúdlike druk boeken. De bewenners fan de fersoargingshûzen wurde troch de biblioteken fersjoen fan in kolleksje Fryske boeken. De biblioteek hat dertroch ek yn it ramt fan de Wet Maatschappelijke Ondersteuning in wichtige funksje.
Útsein de âlders mei jonge bern, komme minder folwoeksenen nei de biblioteek foar it lienen fan in Frysk boek.
6.4 Keunst en kultuer: we litte ús sjen
Media
Omrop Fryslân is perfoarst it wichtichste medium wêr’t it giet om it bringen fan it Frysk by de minsken thús. Dat jildt foar alle generaasjes. Der binne programma’s foar pjutten, skoalbern, jongerein en de programmearring jout in grut ferskaat, sadat der foar elkenien dy’t Frysk ferstiet wol in oanbod is.
Neist de reguliere kranten as de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd, binne ek de mear lokale kranten as de Jouster Courant, de Zuid-Friesland en de Balkster Courant wichtige ynformaasje boarnen foar ús ynwenners. Útsein in ynstjoerd stik fine we mar in lyts bytsje Frysk yn de redaksjonele stikken. Dat is op de websiden fan dizze kranten net oars. Moaie útsûndering wie MarrenNijs, dy’t in knop Frysk op de webside hie. Derûnder in stikmannich nijsgjirrige artikels oer it Frysk yn it deistich libben. Spitigernôch, MarrenNijs is net mear.
De lokale Omrop Spannenburg hat foar in grut part Frysktalige programma’s, al wurdt der net altyd Frysk praat. Op ‘e webside wurdt it nijs foaral yn it Nederlânsk brocht.
Yn De Fryske Marren binne ferskate doarpskranten, dy’t troch frijwilligers makke wurde. Dizze kranten wurde benammen troch de âlderein goed lêzen. Om dêryn ek mear Fryske stikjes te krijen, is yn it ôfrûne jier in kursus ‘Skriuw mar Frysk’ oanbean oan de frijwillige skriuwers fan dizze kranten. Yn it seizoen 2014 – 2015 krijt dizze kursus noch in ferfolch.
6.6 Rol fan de gemeente
Oanbefellings haadstik 6. Frysk yn de mienskip
Basis
1De gemeente wol meartalighied stimuleare. Derom is it belangryk dat âlders goed op ‘e hichte binne fan de mearwearde fan meartalichheid. Dit moat troch alle organisaasjes, dy har op jeugd rjochtsje, goed nei foaren brocht wurde. Yn it LEA wurde der ôfspraken oer makke.
2De gemeente draacht yn it ramt fan de taaluntwikkeling fan it jonge bern, by yn de kosten fan it ‘Tomke-projekt’ foar pjutten en beukers. Hjir binne mearjierrige ôfspraken oer makke mei Bibleteekservice Fryslân en de Afûk. De bijdrage is € 0,055 de ynwenner. Kosten om-ende-by € 2.800,- it jier.
3De gemeente wol tegearre mei it ûnderwiis kieze foar in goed brûkbere metoade foar it Frysk op de basisskoalle.
4De biblioteek hat in wichtige taak by it stimulearjen fan de Fryske taal en kultuer. It goed tagonklik hâlden fan Fryske boeken en oare media foar de ferskate doelgroepen is dêrta fan grut belang, lykas gearwurking mei ûnderwiis en pjutteopfang. Troch mei te dwaan oan de Fryske Boekewike, it Fertel- en Foarlêsfestival en oare lêsbefoarderingsaktiviteiten foar it Frysk lit de bibleteek dat ek sjen. De gemeente subsidiearret de bibleteek. In part fan de subsydzje kin brûkt wurde foar it fersterkjen fan it Frysk.
Plus
5De gemeente wol yn gearwurking mei de organisaasjes de trochgeande learline foar it Frysk - fan it pjuttewurk/berne-opfang oan’t en mei it fuortset ûnderwiis - stimulearje sadanich dat de bern it Frysk goed oanrikt krije.
6As der by de soarch- en wolwêzensynstellings ferlet is fan in kursus Frysk foar meiwurkers dy wurksum binne foar de Wmo, dan kin der yn oparbeidzjen mei de Afûk in kursus Frysk foar organisearre wurde. Oer de ferdieling fan de kosten wurde neiere ôfspraken makke.
7Foar bysûndere projekten fan ferieningen en doarpen, dy de Fryske taal en kultuer foar it fuotljocht bringe en útstrieling hawwe, wurdt jierliks in priis útrikt. Hjirfoar is in budzjet fan € 750,- beskikber.
8De gemeentlike organisaasje belûkt de Pleatselike Belangen en de skoallen by it brûkern fan it Frysk en de rol fan it frysk yn de gemeente.
Plus/plus
9De gemeente makket it mooglik foar frijwilligers om in kursus skriuw mar Frysk te folgjen. Kosten rûchwei € 1.800,-
10Nije ynwenners fan bûten Fryslân krije de mooglikheid it Frysk te learen.
We kieze fanwege it kostenaspekt foar de plusfariant, ynklusyf de basisfariant.
Taheakke 1
Tabel 1.
Fries in de organisatie van
De Fryske Marren
Ik versta Fries
Ik spreek Fries
ik lees Fries
ik schrijf Fries
Afdeling
Bedrijfsvoering
uitstekend en goed
57
40
31
10
redelijk
3
5
11
11
een beetje, niet
0
15
18
39
60
60
Publiekszaken
uitstekend en goed
29
22
13
4
redelijk
0
6
9
6
een beetje, niet
0
1
7
19
29
29
Ruimtelijk beheer
uitstekend en goed
45
37
21
6
redelijk
1
4
16
12
een beetje, niet
0
5
9
28
46
46
Ruimtelijke ontwikkeling
uitstekend en goed
24
19
15
5
redelijk
1
4
5
5
een beetje, niet
1
3
6
16
26
26
Samenleving
uitstekend en goed
27
19
10
5
redelijk
4
1
9
6
een beetje, niet
0
11
12
20
31
31
Staf/directie/griffie
uitstekend en goed
4
3
1
1
redelijk
1
0
1
0
een beetje, niet
0
2
3
4
5
5
VVH
uitstekend en goed
19
13
8
1
redelijk
0
1
4
6
een beetje, niet
0
5
7
12
19
19
totaal
216
Taheakke 2
Samenvatting van de uitkomsten van de discussie over de stellingen besproken in de bijeenkomst over het Fries Taalbeleid d.d. 11 november 2014 te Lemmer.
Aanwezig:
Jelle Bangma, Cedin; Geert Heerschop, CBO Meilân; Bennie Ludema, tonielfer.St. Martinus, Herjan Reuten, Zuyderzee College Lemmer; Marjon Keetman, Thea Groen en Jannita Berghout, peuterspeelzalen Doomijn, Jitske Mulder, st Peuterspeelzalen Gaasterlân-Sleat, Jelle Posthumus, it Toanhûs, Yteke Hoekstra, Nije Gaast, Bert Kampherbeek, Primus; Louise Wiersma, SKIK; Hans Eisma, Omrop Spannenburg, Sytske de Boer, SFBO.
Riedsleden: Geeske Holtrop, CDA; Jochum Meester, Gerda de Vries, Jeltsje Piersma, Johannes de Vries (schaduwfractie), FNP
Wethâlder Durk Durksz, Jelle Lemstra en Ypie Kroes.
Stelling 1: Jong geleerd is oud gedaan: DFM moet bij het Fries prioriteit geven aan de jeugd.
Mee eens; steek in op het jonge kind. Prioriteit geven aan meertaligheid, niet aan het Fries op zich. De gemeente moet ruimte bieden aan meertalig onderwijs. Er wordt al veel aan tweetaligheid gedaan op de peuterspeelzalen. Taaltaske en aanbod in de bibliotheek in stand houden, stimuleren meertaligheid bij de ouders via het Consultatiebureau. Logopedisten voorlichten over meerwaarde van meertaligheid. Belang van doorgaande lijn van de peuteropvang tot voortgezet onderwijs, het begint bij de ouders. Primus heeft 2 meertalige scholen, sluit aan bij meertalige peuteropvang van SKIK. Als jonge kinderen Fries aangeboden krijgen, worden ouders daarin meegenomen. Ook laten zien dat we trots zijn op onze taal. De organisaties die ondersteuning bieden aan scholen en kinderopvang voor het stimuleren van meertaligheid moeten door de Provincie gefaciliteerd worden.
Stelling 2: Meertaligheid geeft kinderen een voorsprong op school.
Deze stelling is wat te kort om de bocht: meertaligheid werkt positief op de taalontwikkeling en het creatief denken bij het kind. Is niet alleen van belang voor de schoolcarrière, maar voor verdere leven. Is wetenschappelijk aangetoond. Maar dit is niet bij veel ouders bekend. Bij hen nog herinneringen aan slechte ervaringen op school. Vroeg beginnen met meertaligheid, tussen 4 en 7 jaar gaat de taalontwikkeling het snelst. Taal is communiceren. Meertaligheid niet verengen tot Fries en Nederlands. Meertaligheid kan ook Nederlands, Fries en Duits zijn. Het feit dat Friezen meerdere talen spreken is een mooi promotiemiddel.
Stelling 3: Voor een dubbeltje op de eerste rang: is met weinig budget wel taalbeleid mogelijk? Of is het “lûken oan in dea hynder”?De gemeenteraad moet echt kiezen, niet van alles een beetje, maar insteken op het jonge kind, de peuterspeelzalen en de kinderopvang en de organisaties die ondersteuning bieden. Afspraken voor meerdere jaren vastleggen. Geld is niet het belangrijkste: het gaat om een positieve grondhouding t.o.v. het Fries. Zo kun je met weinig middelen een “Fryske wyke” houden. Het gaat er ook om het Fries zichtbaar te maken en te houden. Dat kan bv. door organisaties uit te nodigen met projecten te komen en daarvoor een prijs beschikbaar te stellen (wisselbokaal?)
Stelling 4: Fan ûnder op: nieuwe culturele initiatieven voor het Fries komen van de dorpen en de verenigingen.
Lastig verhaal, verenigingen en dorpen hebben meestal hun eigen dingen. Aan de andere kant gebeurt er ook al veel, bv toneelverenigingen die alleen Friese stukken spelen en jeugd daarbij betrekken. Een (gemeente brede?) Fryske wyke zou goed passen. Maar dat moet wel georganiseerd en gecoördineerd worden. Taak gemeente? Cultuur is de basis, trots zijn op je taal. Sportverenigingen zijn meestal niet taalbewust. De trainer spreekt vaak Nederlands tegen de kinderen, ook al is hij zelf Fries en de kinderen ook (status). Je kunt het daar met de sportverenigingen over hebben.
Stelling 5. Van nieuwe inwoners mag je verwachten dat ze leren het Fries te verstaan.
Wel mogelijkheid bieden en stimuleren, maar niet afdwingbaar. Soms gaat het van zelf, m.n. als er kinderen zijn die het Fries meenemen van peuterspeelzaal of school. Actief een lichtvoetige cursus aan niet-Friezen aanbieden. Spreken we de nieuwe inwoners er op aan? Zijn we zelf niet te bescheiden en schakelen we niet al te snel over naar het Nederlands in een gesprek met niet-Fries taligen.
Inhoudsopgave
1Ynlieding en oanlieding
Kieze
2Wat is ús fisy, hoe sjogge wy it plak fan it Frysk yn ús mienskip ek op lange termyn?
3Wetlike kaders en de rânebetingsten
3.1 Europeesk Hânfêst.
3.2 Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2013-2018
3.3 Bestjoersakkoart mei de Provinsje.
3.4 Wet Gebrûk Fryske Taal
3.5 Harmonisaasje fan belied
3.6 Finânsjes en personiele kapasiteit
4It gebrûk fan it Frysk yn it deistich libben yn De Fryske Marren en yn de gemeentlike organisaasje.
4.1 De Fryske Marren
4.2 Enkête ûnder meiwurkers De Fryske Marren
5Frysk yn de gemeentlike organisaasje, gemeentlike foarsjennings en de iepenbiere romte
5.1 Organisaasje
5.2 Sichtber meitsje
Plaknammebuorden
Oar gebrûk fan it Frysk
Oanbefellings 5.1: Organisaasje
Oanbefellings 5.2 Sichtber meitsje
6Frysk yn de mienskip
6.1 Meartaligens yn it ûnderwiis, it pjutteboartersplak en de berne-opfang
a.Pjutte-opfang en Frysk
b.Underwiis
Meartalige skoallen
Nije lesmetoade
Gearwurking en stipe
Fuortset ûnderwiis
Projekt Yntegraal gemeentelik ûnderwiisbelied
6.2 (Nije) ynwenners en folwoeksenenûnderwiis
Frys skriuwe
6.3 De Biblioteek
Jeugd
Folwoeksenen
6.4 Keunst en kultuer: we litte ús sjen
Media
6.5 Soarch en wolwezen
6.6 Rol fan de gemeente
Oanbefellings haadstik 6. Frysk yn de mienskip
7Subsydzjes foar aktiviteiten
8Planning en rapportaazjes