Artikel 1 Begrypsbepalingen
Yn dizze feroardering wurdt ferstien ûnder:
1bestjoersorganen: de ried, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de boargemaster, en ek de persoanen dy’t ûnder harren ferantwurdlikens wurkje;
2twataligens: kar foar de Nederlânske óf de Fryske taal.
Artikel 2 Taalkar
1Elkenien kin de Fryske of de Nederlânske taal brûke yn it mûnlinge en skriftlike ferkear mei bestjoersorganen.
2De bestjoersorganen kieze yn begjinsel foar twataligens.
3By de taalkar yn in spesifike situaasje hâlde de bestjoersorganen rekken mei it stribjen om de posysje fan de Fryske taal yn harren wurkgebiet te fersterkjen.
Artikel 3 Skriftlik ferkear
1Of it moat wêze dat it gebrûk fan de Nederlânske of Fryske taal foarskreaun is, oars binne bestjoersorganen frij yn de kar oft hja in skriftlik stik opstelle yn de Fryske taal of de Nederlânske taal.
2De taalkar yn in troch bestjoersorganen ûntfongen stik is bepalend foar de taalkar fan, troch of út namme fan harren op te stellen korrespondinsje.
3Oars as yn it earste lid brûke bestjoersorganen de Fryske taal by it opstellen fan korrespondinsje mei oerheden dêr’t de gemeente in yntinsjeferklearring oangeande it brûken fan it Frysk yn it skriftlik ferkear mei sletten hat.
Artikel 4 Oersetregeling
1Yn it gefal dat in skriftlik stik yn de Fryske taal opsteld is, jout it bestjoersorgaan op fersyk in oersetting yn de Nederlânske taal.
2De oersettingen wurde fergees levere.
3Yn it gefal fan ynterpretaasjeferskillen jout de tekst yn it oarspronklike stik de trochslach.
Artikel 5 Mûnling ferkear
By klantekontakten is de taalkar fan de klant liedend. Dat jildt yn it bysûnder foar klantekontakten fia de telefoan of oan de baly. De telefoan wurdt yn it Frysk opnommen. Klanten hoege har net te ferbrekken.
Artikel 6 Hurdheidsklausule
Yn bysûndere omstannichheden wêrby’t de tapassing fan dizze feroardering nei de miening fan in bestjoersorgaan ta ûnridlikens laat, kin it bestjoersorgaan motivearre ôfwike fan it bepaalde yn ‘e feroardering.
Artikel 7 Slotbepalingen
Artikel 7 Slotbepalingen
1Dizze feroardering giet yn op 1 maaie 2017.
2De ‘Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Achtkarspelen’ fan 23 septimber 2010 wurdt ynlutsen.
3Dizze feroardering kin oanhelle wurde as 'Taalferoardering Frysk gemeente Achtkarspelen 2017’.
Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 6 april 2017.
mefr. J. van Hoppe MPM G. Gerbrandy
griffier foarsitter